Ate de Jong fan Tûmba iens mei útspraak yn proses Wilders

09 des 2016 - 16:48

Ate de Jong fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba kin him fine yn de útspraak fan de rjochtbank yn it 'minder Marokkanen proses'. Wilders is neffens de rjochter skuldich oan groepsmislediging en it oansetten ta diskriminaasje, mar krijt gjin straf.

De Jong is bliid mei it heldere sinjaal fan de rjochters. ,,Dit is in sinjaal dat dit net past yn ús lân en dat wy dit net langer wolle. Diskriminaasje hat noch nea wûn'', seit De Jong. Wylst neffens de rjochter gjin sprake is fan haatzaaien, sit Wilders neffens De Jong op it rântsje.

''It minder Marokkanen fan Wilders docht my tinken oan it Juden raus fan de Nazi's'', sa seit De Jong.

Neffens de Ljouwerter advokaat Bart Canoy wie it fonnis net frij fan polityk. De rjochters stiene stil by de manier wêrop't Wilders oer de rjochtbank prate. Dy neamde it ûnder oare in nep-proses. Dat is in politikus ûnweardich, seine de rjochters. Dêrmei binne se yn in falkûle stapt, seit Canoy, en dêr kin bêst noch wolris gedonder fan komme. "Zo van: 'Zie je nu wel, dat je toch met een politiek proces bezig bent!'" Canoy ferwachtet dat Wilders nei it heger berop, dat er al oankundige hat, ek noch wol yn kassasje gean sil by de Hege Ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)