Molkwein bedarret neist A7, kilometers file

© Twitter, @Rosier832Gerrie
Ferkear op de A7 by Drachten rjochting It Hearrenfean hat lêst fan in molkwein dy't by Fryske Peallen yn de berm bedarre is. De molkwein rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn in slip en kaam yn de berm ta stilstân. It is net bekend as de sjauffeur ferwûne rekke is. Troch it ûngelok stiet der op it stuit in file fan sa'n acht kilometer.