Tsien casemanagers oan it wurk by Thússoarch Het Friese Land

09 des 2016 - 14:39

By Thússoarch Het Friese Land sille fan 2017 ôf tsien 'casemanagers' oan de slach. Dy moatte yn Noard- en Midden-Fryslân minsken mei demintens helpe. De managers wurkje no noch by TinZ, mar dizze organisaasje ferdwynt yn it nije jier.

De casemanagers sille minsken mei demintens en harren mantelsoargers thús begeliede. Dat bart yn oerlis mei húsdokters, sikehuzen en ferpleechhuzen. De kliïnten hâlde yn de nije situaasje har eigen begelieder. Fryslân hat 1700 minsken mei demintens en dat wurde der de kommende jierren allinnich mar mear.

(advertinsje)
(advertinsje)