Driuwend poadium mei amateurkeunstners fart troch SWF

09 des 2016 - 13:59
Spegeling fan de Wetterpoarte yn de grêft - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De provinsje jout 35.000 euro subsydzje oan in projekt fan it Kultureel Platfoarm SWF yn gearwurking mei teatergroep Sult. Yn 2018 fart der in driuwend poadium troch Súdwest-Fryslân. Yn sa'n 14 plakken jouwe amateurkeunstners foarstellingen mei minsken fan Sult.

It poadium krijt de foarm fan in brêge en fart op sinne-enerzjy. Pleatslike leden fan ûnder oare koaren, korpsen en toanielklups trede sa op it wetter op mei de teatergroep. Publyk sit op de wâl of yn in lytse boatsje yn de buert fan it driuwende poadium.

Dat poadium wurdt boud troch learlingen fan ROC Friese Poort. De totale kosten fan it projekt binne goed 225.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)