Jirnsumer bern krije as earste fjoerwurkbril fan Crone

09 des 2016 - 13:04

Alle bern fan groep acht yn de gemeente Ljouwert krije dizze wike in spesjale fjoerwurkbril fan sikehûs MCL yn Ljouwert. It útdielen fan de brillen is ûnderdiel fan in kampanje om bern te wizen op de gefaren fan fjoerwurk. De earste brillen waarden freedtemoarn troch boargemaster Ferd Crone útdield op de Sint Radboudskoalle yn Jirnsum.

De Jirnsumer bern krigen de earste brillen omt sy de slogan betocht hawwe foar de fjoerwurkbrillekampanje. Dy slogan is: "Ik WIL een vuurwerkbril."

Alhoewol't se al jieren kampanje fiere bedarje der dochs alle jierren op âldjiersnacht yn trochsneed fiif bern mei eachletsel by it MCL.

Trefwurden: 
fjoerwurkbril fjoerwurk MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)