Nije tsjinstregeling foar bus en trein; wat betsjut dat?

09 des 2016 - 12:36
Foto: ANP

Reizgers fan trein en bus moatte fan snein ôf goed oplette: de nije tsjinstregeling giet dan yn. Sawol de NS as Arriva hawwe alle ôfreistiden fan trein en bus tsjin it ljocht hâlden. En der feroaret noch al wat. Mar wêrom? En hoe komt it foar jo?

Wêrom komt der in nije tsjinstregeling?

De NS feroaret alle jierren wol wat oan de ôfreis- en oankomsttiden. Mar foar it earst yn tsien jier is de hiele tsjinstregeling opnij makke. Dêr is dan ek in pear jier oan wurke. Mar nedich wie it wol, seit Lisa Neves Gonçalves fan de NS. "Deze verandering is nodig omdat wij de komende jaren verwachten 20.000 extra reizigers per dag te gaan vervoeren. Dus we moesten opnieuw ontwerpen, want de vorige dienstregeling liet dat niet toe."

En wannear't de NS oanpassingen docht, hat dat fansels ek gefolgen foar Arriva. Dus ek dy tsjinstregeling gie op de skeppe. Boppedat is der yn Fryslân de ôfrûne jierren hiel wat feroare op de diken. Tink oan de Heak om Ljouwert en de Sintrale As. Dêrtroch moatte bussen oare rûtes ride en ferdwine der halten of komme dy derby.

Yn it suden fan Fryslân en op de Waadeilannen hat Arriva de konsesje foar de kommende jierren wûn. Dat betsjut dat de ferfierder fan snein ôf ek dêr it busferfier dwaan mei. En dêr heart fansels in nije tsjinstregeling by.

Wat binne de grutste feroarings?

By de NS binne der in pear saken dy't foar Fryslân fan belang binne. Sa sette de twa stoptreinen fan Ljouwert nei Swolle op oare tiden ôf, nammentlik om acht en tweintich minuten oer it oere. Dit betsjut dat der tolve of 48 minuten wachte wurde moat op in stoptrein. Dêrneist rydt der noch in tredde trein yn it oere, dat is in intercity.

De bedoeling wie dat der fan dit wykein ôf noch in fjirde trein op it trajekt ynsetten wurde soe, mar it die bliken dat dat net helber wie. It elektrisiteitsnet soe dan oerbelêste reitsje. ProRail wurket dêr oan en fan ein 2017 ôf moat de fjirde trein ride kinne, ferwachtet de NS. Op de site fan de NS stean alle wizigings. 

By Arriva feroaret der in hiel soad. De trein tusken Ljouwert en Harns Haven giet tusken de 5 en 15 minuten earder. Mar yngripender noch, binne de oanpassings by it busnetwurk. Sa binne der nije buslinen oer de Sintrale As. It giet om line 155 (Ljouwert-Feanwâlden-Stasjon Dokkum-Lauwerseach) en line 355 (Ljouwert-Dokkum). Dy lêste is in streekrjochte ferbining.

It stedsferfier yn Ljouwert bliuwt gelyk, dy tsjinstregeling is ôfrûne maart al wizige.

Yn it suden fan de provinsje feroaret benammen rûnom Drachten in soad: de ôfreistiden en de halten dêr't wol of net stoppe wurdt. Sjoch foar in oersjoch op de webside fan Arriva.

Binne der al klachten?

Noch foardat de nije tsjinstregeling yngien is, hat reizgersplatfoarm Rover al in meldpunt iepene. Fanút Fryslân kamen der oant no ta 13 klachten binnen. Ton Ettema fan Rover Fryslân is benammen net te sprekken oer it feit dat de twa stoptreinen fanút Ljouwert nei Swolle sa ticht op mekoar fuortgean. "Die verdeling is niet handig en daar gaan we ook nog over in gesprek."

By de provinsje binne se allinnich bekend mei de klacht fan learling Wolter van der Maten út Garyp. Troch de oergong fan it busferfier nei Arriva komt de bus net mear fiif kear yn 'e oere by it doarp, mar noch mar twa kear. Dat soarget net allinnich foar problemen foar Garipers, ek ynwenners fan Earnewâld en Aldegea kinne minder maklik yn Ljouwert komme. Van der Maten sammele 600 hantekeningen en bea dy oan by de gemeente. Dy hat de provinsje mobilisearre en dy hat freed in petear mei Arriva.

Binne der noch tips?

Bussjauffeur Martin Feddema yn Feanwâlden ried oant no ta op line 53, mar dat wurdt daliks line 55. "Minsken moatte dus goed oplette, want net allinnich de tiden en halten binne oars, ek de nûmers fan de bus."

As lêste hat er noch in oprop foar de reizgers. "As jo kommende wike in bussjauffeur sjogge dy't net sa seker fan syn saak is, help him of har dan efkes. Der komt ek in hiel protte op ús ôf."

Trefwurden: 
tsjinstregeling Arriva NS
(Advertinsje)
(Advertinsje)