Achtkarspelen siket wenromte foar hûndert statushâlders

09 des 2016 - 12:20
Riedsgearkomste yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn Achtkarspelen moat foar 1 jannewaris 2019 ekstra wenromte komme foar hûndert statushâlders. De gemeenteried hat boargemaster en wethâlders dêr offisjeel opdracht foar jûn. De ried hat derby sein dat de ekstra wenromte ek beskikber wêze moat foar oare minsken dy't in hûs sykje.

Dan komt de sosjale wenningmerk minder ûnder druk te stean. En statushâlders komme yn lytsere groepen tusken de minsken te wenjen, wat wer better is foar de yntegraasje.

De gemeente wol de eigen ynwenners goed op de hichte hâlde fan hoe't it allegear giet. As der bygelyks in lokaasje yn byld is, krije minsken yn de buert dat fuortendaliks te hearren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)