NHL hat nije superkompjûter: de Deep Frisian

09 des 2016 - 10:56

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert hat in nije superkompjûter dy't hiel rap rekkenje kin. Dizze Deep Frisian, sa't er hjit, hat mear rekkenkrêft as hûndert pc's. De superkompjûter hat, om krekt te wêzen, 14.000 prosessors en in yntern geheugen fan 512 gigabyte. De Deep Frisian is ornearre foar berekkeningen foar it nije fakgebiet Data Science fan de NHL, wêrby't massa's gegevens ûndersocht wurde.

As lektor is Ioannis Katramados oanlutsen, in grutte namme op it mêd fan data science.

De Deep Frisian en it nije lektoraat Data Science is net allinnich foar de hegeskoalle sels, mar sil ek ynset wurde foar it ûntwikkeljen fan 'Smart Industries' yn de noardlike provinsjes. It is is doel om de Deep Frisian ek yn te setten foar de lânbou. De masine kin bygelyks ek ynset wurde by it ynspektearjen fan boulân mei help fan drones foar de saneamde 'presysjelânbou'.

Trefwurden: 
NHL kompjûter
(advertinsje)
(advertinsje)