Guod fûn of ferlern? Dan takom jier nei it gemeentehûs

© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Ynwenners fan Dantumadiel en Dongeradiel dy't guod fûn of krekt ferlern hawwe, kinne har fan takom jier ôf melde op it gemeentehûs yn Damwâld en Dokkum. De ôfrûne jierren moasten se dêrfoar nei kringloopwinkel De Wissel yn Dokkum. De gemeenten nimme dizze taak nei de amtlike fúzje wer oer.
Yn Ferwerderadiel en Kollumerlân, de oare twa gemeenten dêr't mei fusearre wurdt, kinne de boargers hjirfoar ek op it gemeentehûs terjochte. De gemeenten kinne it guod opslaan en op de webside sette.