Folle mear MBO-fakatueres yn Fryslân

09 des 2016 - 10:39
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

It tal mbo-fakatueres yn Fryslân is yn 2016 bot tanaam. Fan maart oant en mei augustus gie it om 5.000 banen. Dat is 24 persint mear as yn deselde perioade ferline jier. Boppedat nimt it oantal jongeren dat in WW-útkearing oanfreget ôf, trochdat it folle better giet op de arbeidsmerk.

Ien en oar stiet yn it rapport Basiscijfers Jeugd fan UWV en SBB (Stichting Samenwerking Beroepsonderwijs Bedrijfsleven). De measte mbo-fakatueres binne te finen yn de beropsgroepen gastfrijheid en de retail.

Jongeren dy't no mei in stúdzje begjinne meitsje de grutste kâns op wurk as se kieze foar de rjochtingen ferkeaper, fersoargjende yn de sûnenssoarch of mbo-ferpleechkundige.

Trefwurden: 
MBO fakatuere arbeidsmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)