Doke Schmidt stiet foar rentree by SC Hearrenfean

Doke Schmidt © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Doke Schmidt soe sneon yn de alderlêste thúswedstriid foar de winterstop, tsjin Excelsior, samar syn rentree meitsje kinne. Jeremiah St. Juste foel ferline wike út mei in ankelblessuere en komt dit jier net mear yn aksje. Omdat ek de Ingelskman Shay Facey refalidearret fan in blessuere, moat trainer Jurgen Streppel op syk nei alternativen.
Ien fan de alternativen is Doke Schmidt. Schmidt spile op 4 april 2015 tsjin NAC Breda syn alderlêste wedstriid. Hy rekke blessearre oan syn ankel en hat 20 moannen út de rûlaasje west.
Jurgen Streppel woe neat sizze oer de opstelling: "Ik heb meerdere opties, zo kan Lucas Bijker in het centrum spelen en ook Stijn Schaars kan een linie naar achteren."
Henk Veerman komt foar de winter ek net mear yn aksje. De lange Volendamske oanfaller foel ôfrûne moandei út by in wedstriid fan de beloften mei hamstringklachten.