Reedriden op natueriis wurdt nasjonaal erfgoed

09 des 2016 - 10:17

It reedriden op natueriis wurdt Nasjonaal Ymmaterieel Erfgoed. De KNSB hat it fenomeen foardroegen foar de nasjonale ynventaris, dy't gearstald wurdt troch it Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed Nederland. Neffens it reedrydbûn is riden op natueriis in wichtige tradysje, dy't fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt.

"Leare te reedriden (op natueriis) soe like gewoan wêze moatte as leare te rinnen, fytsen en swimmen", fynt de KNSB.

Bewaker fan tradysje

De tradysje dy't de KNSB op de 'Inventaris Immaterieel Erfgoed' bestiet út trije ûnderdielen: reedriden op sleatsjes en marren, reedriden op natueriisbanen yn doarpen en stêden en it riden fan toertochten op natueriis.

De KNSB sjocht himsels ek as bewaker fan dizze tradysje. Krektlyn noch hat it reedrydbûn in nije webside lansearre - iistiid - oer riden op natueriis en iisbanen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)