Leafhawwers komme mei nij fotografyfestival: FryslânPhoto

09 des 2016 - 10:09
Foto: Harm Mulder

Fryske fotografen en fotografyleafhawwers hawwe it inisjatyf naam foar in nij, jierliks festival. Dit hat de namme FryslânPhoto krigen. It earste festival fynt oktober takom jier plak, mei ûnder oaren eksposysjes, fotowedstriden en in rûte mei foto's by bysûndere lokaasjes yn Ljouwert del.

In oar ûnderdiel is de dei fan it byld. Dy is bedoeld foar talintûntwikkeling fan Fryske mbo- en hbo-studinten en fotografykursisten.

Trefwurden: 
fotografy FryslânPhoto
(Advertinsje)
(Advertinsje)