Kollum: "Timmy"

09 des 2016 - 08:39

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

"Wy hawwe fjouwer hûnen en ús lêste oanwinst, Timmy, hie HD. Hy is noch gjin jier. Syn linkerheup wie it slimst, de heupkop siet net goed yn ‘e kom. Mar lokkich hawwe se techniken ûntwikkele sadat sa’n hûn sûnder pine fierder libje kin. Yn it gefal fan Timmy hawwe se de heupkom op twa plakken brutsen en sa yn inoar set dat dy wer goed om de heupkop past.

Hy is ferline wike tiisdei operearre yn Snits en de jûns koe ik him ophelje. Hy wie der net al te bêst oan ta mar we binne thúskommen. Hy moast benchrêst ha en as er derút woe dan moasten wy him stypje mei in handoek ûnder it liif. De woansdeis gong it earst wol aardich mar de woansdeitemiddeis waard it in ramp. Hy woe net mear út ’e bench en jankte alles by inoar. Wy hiene de tongersdeis foar kontrôle moatten mar dat seach ik net sitte. Ik ha foto’s maild fan de wûne en ekstra pynstillings helle.

De tongersdeis wie it dus noch like slim en Timmy hie der ek al in skoft net út west. Hy hie in soarte fan romper om sadat er net oan de wûne slikje koe. Ite en drinke die er wol mar bewege wie in drama. De jûns hawwe wy him al út ‘e bench krigen sadat er efkes pisje koe mar hy jankte sa freeslik dat ik der op it lêst ek by stie te gûlen en Fonger en Jelle mei him omtôgen. Earst de hynders, no de hûn wer… ik wie der raar fan.

De freeds moasten wy al foar kontrôle mar dat soe ik allinnich noait oprêde en ik hie sa stadich oan ek hast in senuwynsinking omdat ik it sa begrutlik fûn en net wist wat ik dwaan moast. Jelle en ik hawwe him op it matraske út ‘e bench op in dekbêdoertrek sleept en sa hawwe wy him yn ‘e auto tild. Yn ‘e auto gong it wol goed mar yn Snits moast er der wer út. Hy die it sa mâl dat er de bytbân om ha moast.

"Hoe giet it", sei de bistedokter en ik hie de triennen alwer yn ‘e eagen. Ik seach it echt net mear sitte. De bistedokter hat Timmy ûndersocht en neffens him like it allegear goed te wêzen. Hy tocht dat it benammen tusken syn earen siet. Timmy hat altyd libbe mei in heup dy’t net goed wie en no fielde dat oars mar mei de pynstillings soe er him dochs wol wer wat rêde moatte. We krigen in túchje sadat we him wat better begeliede koene en hy pakte troch doe’t Timmy wer nei de auto mocht. We moasten him moed yn prate en net tajaan as er jankte of pipe.

Nei dy besite wie der by my wol in knop om en koe ik better trochpakke. Mar as Timmy út ‘e bench moast, sette er him skrep mei de foarpoaten en it falt net ta om in dwerse hûn fan 45 kilo yn beweging te krijen. Dochs gong it stadichoan better en koe er yn ‘e tún pisje yn stee fan oer ús skuon of yn in amer. En doe’t er einlings wer yn ‘e tún skiten hie, wie ik sa bliid as in lyts bern.

Hy waard alle dagen wat mobiler sadat er himsels ek wer wat rêde koe en hy kriget no akwaterapy sadat syn heup sterker wurdt. We moatte alles wer hiel foarsichtich opbouwe mar ik leau dat wy it slimste hân ha mei ús grutte swarte hûn yn in romperke. Fjouwer bern grutbringe is der neat by."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)