Anja Brouwer út Dokkum wint prestisjeuze foto-award

09 des 2016 - 08:30
De winnende foto fan Anja Brouwer waard makke op De Feugelpôle op It Amelân - Foto: Anja Brouwer

Natuerfotograaf Anja Brouwer fan Dokkum hat de Frans Lanting Photo Award fan it Wereld Natuur Fonds wûn. Har foto fan in lytse stirns tusken allegear grize kanoeten krige de earste priis yn de kategory folwoeksenen. Se makke de foto op It Amelân.

Sjueryfoarsitter en natuerfotograaf Frans Lanting neamt de foto hiel bysûnder. "Het is een prachtige momentopname van de interactie tussen een moeder met haar jong die tegelijkertijd de dynamiek van de waddennatuur, land en zee, laat zien."

"Deze foto weerspiegelt wat we op de Wadden hebben en wat we moeten behouden", ferfolget er.

Mei elkoar wiene der 30 fotografen nominearre foar de grutste natuerfotowedstriid fan Nederlân. Anja Brouwer hat de priis tongersdei yn Utrecht yn ûntfangst naam. Se krijt in workshop natuerfotografy fan Frans Lanting sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)