Achtkarspelen wol swimbad De Kûpe oant 2019 iepen hâlde

08 des 2016 - 22:51
Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Achtkarspelen stribbet dernei it swimbad De Kûpe yn Bûtenpost yn alle gefallen oant 2019 iepen te hâlden. Der is al langere tiid ûnienichheid oer De Kûpe yn Bûtenpost. De gemeente woe it bad earder slute, omdat it te âld en net mear rendabel wêze soe. Dat is doe net trochgien.

Yn it swimbad wurkje no in soad frijwilligers. De Kûpe falt ûnder de Stichting Sportcentrum Achtkarspelen. It bestjoer fan dy stichting soe plannen foar in nij swimbad yntsjinne hawwe by de gemeente.

It personiel fan De Kûpe is net by de ûntwikkeling fan de plannen foar it nije swimbad belutsen en sei unanym it betrouwen yn it bestjoer op. Tongersdeitejûn waarden yn de gemeenteriedsgearkomste fragen steld oer hoe't it komt mei swimlessen en oare aktiviteiten.

Wethâlder Jouke Spoelstra sei de soargen te dielen. Neffens him moat der wol in goed plan komme, wêrby't it bad sûnder subsydzje draaie kin nei 2019. Dat wie der oant no ta noch net. Spoelstra sil de ried op 26 jannewaris ynformearje oer de plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)