Lauswolt-kok Van Gulick: Braakhekke hie gastronomy yn genen

08 des 2016 - 22:29

Sjef-kok Marc van Gulick fan Lauswolt yn Beetstersweach is bot oandien troch it ferstjerren fan syn kollega Joop Braakhekke. Se wiene beiden bestjoerslid fan Bocuse d'Or en hiene de lêste jierren yntinsyf mei-inoar te meitsjen. "Joop is in mijn beleving een van de beste restaurateurs die we in Nederland hebben gehad. Een begenadigd kok en uitstekend gastheer. Een man die eigenlijk gastronomie in zijn genen had en een groot voorbeeld voor heel veel mensen was. Hij had zoveel kennis en kwaliteit. Een prachtmens en een groot verlies."

Joop Braakhekke ferstoar tongersdei op 75-jierrige leeftyd oan de gefolgen fan alfleisklierkanker. Hy kaam faak yn Fryslân, om't syn 106-jierrige mem yn Hylpen wennet. Braakhekke waard bekend as telefyzjekok mei syn programma Kookgek en skreau ek in searje itensiedersboeken. Fierders hie er it restaurant Le Garage yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)