Krisisteam: "Fûgelgryp sil him fierder ferspriede"

08 des 2016 - 21:52

De fûgelgryp sil de kommende dagen op mear plakken yn de provinsje opdûke. Dat is de ferwachting fan it spesjale krisisteam fan de Veiligheidsregio Fryslân. Op dit stuit binne der yn fiif gemeenten yn Fryslân besmette fûgels fûn, mar om't it om wylde fûgels giet is net foar te kommen dat de sykte him fierder ferspriede sil. Neffens Casper Dollekamp fan it krisisteam is der op dit stuit ek net in soad tsjin te dwaan.

Mei it Wetterskip en it Fryske Gea wurde de besmette fûgels oprêden om sa te besykjen fierdere besmetting foar te kommen, mar dat sil neffens Dollekamp nea hielendal slagje. 

(advertinsje)