Sjon Stellinga beneamd as wethâlder yn Achtkarspelen

De nije wethâlder Sjon Stellinga (l) krijt in bosk blommen fan boargemaster Gerben Gerbrandy (r) © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
PvdA'er Sjon Stellinga is tongersdei by de riedsgearkomste fan Achtkarspelen beneamd en ynstallearre as wethâlder. Stellinga folget wethâlder Gerda Postma op, dy't begjin novimber har funksje dellei. Sy wie teloarsteld oer de wurkwize fan de gemeente en fûn dat se as wethâlder gjin goede bydrage mear leverje koe.
Stellinga, dy't yn it ferline ek wethâlder yn Achtkarspelen west hat, hat ûnder oare boargemaster fan Skiermûntseach en fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Achtkarspelen west.