Sinnepark wurdt oanlein op dak fan NHL yn Ljouwert

08 des 2016 - 21:37

It dak fan de NHL-hegeskoalle yn Ljouwert wurdt de kommende wiken fol lein mei sinnepanielen. Yn totaal komme der 1828 panielen dy't mei-elkoar in heale megawatt oan enerzjy opsmite moatte. Dêrmei wurdt ûngefear 10 persint opwekke fan wat de NHL oan enerzjy brûkt. Mar it wichtichste doel fan it sinnepark is it dwaan fan ûndersyk nei it opwekken fan sinne-enerzjy.

As it park klear is, sille studinten de opbringst yn de gaten hâlde om sa goed te besjen hoe't Fryslân it bêste omgean kin mei dizze wize fan skjinne enerzjy opwekjen.

(advertinsje)
(advertinsje)