Twadde Keamer stimt tsjin ekstra jild foar greidefûgels

08 des 2016 - 21:16
Greidefûgels - Foto: Omrop Fryslân - Remco de Vries

De Twadde Keamer hat tongersdei it amendemint fan GrienLinks om 2,5 miljoen euro ekstra út te lûken foar de beskerming fan greidefûgels ferwurpen. Foarige wike naam in Keamermearderheid noch in moasje fan GrienLinks en PvdA oan foar it opstellen fan in goed rêdingsplan foar greidefûgels. De Fûgelbeskerming neamt it 'onbegrijpelijk' dat de Twadde Keamer no fan miening feroare is.

Trefwurden: 
greidefûgel Twadde Keamer
(Advertinsje)
(Advertinsje)