Sukses by wurkûnderfiningsprojekt beurtskip Grouw

De earste minsken dy't wurkûnderfining opdogge by de restauraasje fan it beurtskip Grouw yn Droegeham ha in baan fûn. It projekt is opset troch ûnder oaren de silers Harry Amsterdam, Tony Brundel en Jelle Talsma. Se wolle sa minsken helpe dy't dreech in baan fine kinne.
De groep fan in man as tweintich docht wurkritme op en kin diploma's helje. Sa ha njoggen al in laskdiploma helle. De gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen stypje it projekt. Yn it gebiet binne in soad metaalbewurkingsbedriuwen dy't ferlet ha fan nij personiel.
Mei de ûnderfining dy't de minsken opdogge, hoopje de gemeenten dat se gau wer oan it wurk reitsje. It beurtskip Grouw komt út 1910 en wurdt de kommende tiid yn orizjinele steat werombrocht. Sa wurde der in lytse trijetûzen klinkneils yn slein. Begjin 2018 moat it skip klear wêze. It kriget dan in rol by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.