Aldste filmklup stiet sintraal yn online tentoanstelling

De webside fan De Kleare Kimen
De âldste filmklup fan Fryslân, Kleare Kimen, bestiet 65 jier. Dêrom hawwe it Frysk Filmargyf en Beeld & Geluid in online tentoanstelling makke oer dizze filmklup en de Fryske filmmakkers út de jierren 50 en 60. Op de webside fan it Amateurfilm Platform is de tentoanstelling te finen, lyk as in soad films dy't leden fan Kleare Kimen makke hawwe. Op de webside stean ûnder oare films oer de Alvestêdetochten fan 1954, 1956 en 1963.