Trije Fryske VVD-ôfdielingen fusearje

De VVD-ôfdielingen fan Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Harns en in part fan Littenseradiel fusearje. Se geane tenei fierder as de VVD Greiden, Marren en Wad. Se hoopje sa in bettere bining te krijen mei har efterban en ek oare minsken as har leden mear by de polityk te belûken.
It haadbestjoer fan de VVD wol dat de lytse fraksjes mei-inoar fierder gean as netwurken mei op syn minst 120 leden. Earder fusearren ek al de VVD-ôfdielingen fan Hearrenfean, Opsterlân en East- en Weststellingwerf.