Jongeren kieze net foar baan yn duorsume sektor

08 des 2016 - 17:14
Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

It is dreech om jonge minsken waarm te krijen foar in baan yn de duorsume enerzjysektor en dêrtroch driget der yn de takomst in grut tekoart. Der komme de kommende jierren allinnich al yn Fryslân hûnderten banen by troch de oanlis fan wyn- en sinneparken. Lanlik giet it sels oan tsientûzenen banen.

Dochs is der mar in hantsjefol minsken dat kiest foar in oplieding dy't der by heart. Dat docht bliken út ûndersyk troch it ûndersyksynstitút GfK. Ek by de hegeskoalle NHL yn Ljouwert fernimme se dat der te min minsken foar sa'n oplieding kieze.

Neffens Woud van Woudenberg fan de NHL komt it troch de ûnbekendheid fan wat in baan yn de duorsume enerzjy krekt ynhâld. It is neffens him dan ek tiid dat de bedriuwen en de opliedingen tegearre mei in kampanje komme.

Trefwurden: 
wurkgelegenheid duorsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)