Henk de Jong tekenet foar oardel jier by De Graafschap

08 des 2016 - 16:44

Henk de Jong wurdt definityf de nije trainer fan De Graafschap. De Drachtster tekenet in kontrakt oant de simmer fan 2018 by de klup út Doetinchem. De Jong sil op 1 jannewaris mei syn nije baan begjinne. Beide partijen kamen earder dizze wike al ta oerienstimming. Mei FC Grins moast noch ûnderhannele wurde oer in ôfkeapsom.

De âld-trainer fan SC Cambuur út Ljouwert wie accountmanager by de Grinzer klup. Henk de Jong is by De Graafschap de opfolger fan Jan Vreman, dy't ôfrûne snein fanwege minne resultaten ûntslein waard.

Folksklup

Henk de Jong hat in soad nocht om by syn nije klup oan de slach te gean. "Ik hie al in skoftsje hiel bot it gefoel dat ik it fjild wer op woe. Ik hie al meardere kânsen hân, mar ik woe myn bêst dwaan by Grins en it moai ôfmeitsje. Mar De Graafschap is echt in folksklup, te fergelykjen mei in klupke út Ljouwert (SC Cambuur). Dêr sitte ek fan dy fanatike minsken en dêr hâld ik fan."

Cambuur hat neffens De Jong nea yn byld west. "Dat soe oait noch wolris kinne. We hawwe goede kontakten, mar op dit momint dogge we it mar net."

As Verstappen

Oer syn doelstellingen foar De Graafschap is De Jong dúdlik en hy hat derby de manoeuvres fan koereur Max Verstappen foar eagen. "Wy moatte fan it 16e plak omheech klimme. Krekt as Verstappen moatte wy ynhelje. En dat kin in ferskillende fersnellingen. We sille ek wolris út de bocht fleane en in klets krije, mar it is wol de bedoeling dat we omheech gean."

Sneon is de wedstriid MVV-De Graafschap. Henk de Jong sit dan as taskôger op de tribune.

(advertinsje)
(advertinsje)