Prizen foar bêste paralympyske sportfrou en sportman

08 des 2016 - 16:34
Liesette Bruinsma, ien fan de suksesfolle Fryske sporters by de Paralympyske Spelen yn Rio - Foto: ANP

By it Sportgala Fryslân yn febrewaris wurde ek prizen jûn oan de bêste paralympyske sportfrou en sportman. Earder wie dat ien priis, foar de bêste paralympyske sporter. De Fryske sporters hawwe útsûnderlik goed prestearre by de Paralympyske Spelen yn Rio en dêrom fynt de sjuery it net mear as terjochte dat der foar de bêste frou en de bêste man in priis útdield wurdt.

De Fryske paralympiërs hellen trettjin medaljes yn Rio: fiif kear goud, trije kear sulver en fiif kear brûns.

(advertinsje)
(advertinsje)