FIDEO: Sike Boer Frans buorket troch

Boer Frans Zwaagstra fan De Westereen pakt it libben stadichoan wer wat op nei syn sikehûsopname twa moannen lyn. Troch in slimme leveroandwaning hat er net folle by te setten, mar hy buorket troch. Hy soe graach wer yn syn eigen klinte wenje wolle, mar dan moat der earst wol bot oprêden wurde. Dêrfoar hat er noch net genôch enerzjy. Wol giet er wer op 'e fyts te boadskipjen it doarp yn, want der moat al sûn iten op tafel komme.
Jûn om 17.35 oere yn it telefyzjeprogramma Hea! is te sjen hoe't it mei Boer Frans giet en hoe't it der útsjocht by him yn de klinte.