''Plan minister lost ynternetproblemen plattelân net op''

08 des 2016 - 14:27
Foto: Omrop Fryslân

It plan fan minister Kamp foar in bettere ynternetferbining lost de problemen fan it plattelân net op. Dat seit de P10, it gearwurkingsferbân fan grutte plattelânsgemeenten dêr't Opsterlân en Eaststellingwerf ek ynsitte. It regear fynt dat telekombedriuwen der mei oan de slach moatte. Mar de plattelânsgemeenten sizze dat dat net goed wurket. Se wolle dat it Ryk it regelet.

De P10 wiist op in ûndersyk fan de universiteit fan Grins. Dat seit dat it plattelân bot ferlet hat fan rap ynternet, omdat it oars leechrint.

Trefwurden: 
ynternet plattelân ferbining
(Advertinsje)
(Advertinsje)