Friezen binne tefreden mei fytsmooglikheden yn de provinsje

Mei de smartphone op de fyts © ANP
Rekreative fytsers yn Fryslân jouwe it fytsen yn de provinsje in 8. Fryslân lûkt net in soad fytsers út oare provinsjes, 88 persint komt út de eigen provinsje. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de ANWB, de Fietsersbond, de Nederlandse Toerfietsunie en de Stichting Landelijk Fietsplatform. Sy hawwe in enkête holden ûnder goed 11.000 minsken, ûnder wa goed 550 Friezen.
As wichtichste ferbetterpunt wurdt it komfort fan de fytspaden neamd. Sa jouwe guon fytsers oan dat se wolris lêst hawwe fan hobbels, beamwoartels en kûlen. Ek soene se wol wat mear bankjes by de fytsrûtes ha wolle en in better oanbod fan hoareka.