Griensintrum Wytmarsum hat bêste krystshow fan Nederlân

08 des 2016 - 12:59

It griensintrum Wytmarsum hat krekt as ferline jier de titel 'bêste krystshow fan Nederlân' wûn. It sintrum wie ien fan de fjirtich nominearren en krige de measte stimmen. It griensintrum Wytmarsum hat foar de krystshow keazen foar in natuertema.

Neffens de sjuery ha se dat konsekwint trochfierd, mei stoere presintaasjes. De sjuery seit ek dat der net in soad 'bling' is yn de krystshow, mar past dat ek net by it publyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)