Barto werom yn de spits by Cambuur

Martijn Barto spilet freed yn de spits by Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Jong FC Utrecht. Dat giet ten koste fan Xander Houtkoop. De Ljouwerters spylje yn in 4-3-3 opstelling, mei topskutter Sander van de Streek op it middenfjild. Marvin Peersman is skorst; foar him spilet Delvechio Blackson. Cambuur ferlear ferline wike fan Jong Ajax en wist earder yn it seizoen net te winnen fan Jong PSV. By de Ljouwerters binne N'Toko, Gyasi, Hemmen, Van Deelen en Bakker noch altyd blessearre. Benammen de blessuere fan Van Deelen duorret langer as tocht.
Opstelling Cambuur: Zeinstra; Anderson, Schilder, El Baad, Blackson; Bakker, Van de Streek, Bosz; Monteiro, Barto, Hoefdraad.