Fryske Gea slút bûtendyks terrein fanwegen fûgelgryp

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Fryske Gea slút fanwegen de fûgelgryp it bûtendykse terrein tusken Swarte Haan en Holwert ôf foar publyk. De maatregel giet fuortendaliks yn. Mei buorden wurdt minsken ferteld om net yn it gebiet bûten de dyk te kommen. It Fryske Gea hat sels noch gjin deade fûgels fûn yn it kilometerslange gebiet.
By de seedyk by Marrum en yn oare parten fan de gemeente Ferwerderadiel binne ferskate deade fûgels fûn dy't it fûgelgrypfirus hienen.