Ien op de fiif Friezen mijt besite oan toskedokter

08 des 2016 - 12:16
Toskedokter - Foto: Omrop Fryslân

Hast ien op de fiif Friezen hat it ôfrûne jier in besite oan de toskedokter mijd, wylst tosksoarch foar har wol nedich wie. Yn guon gefallen wienen minsken benaud foar hege kosten nei in besite oan de toskedokter. Dat docht bliken út in nasjonaal soarchûndersyk fan it Soarchfersekering Ynformaasje Sintrum

Benammen minsken mei in leech ynkommen mije in besite oan de toskedokter. Neist de oerwaging fan de hege kosten, gienen minsken ek net nei de dokter om't se de klachten sels ferhelpe woenen of tochten dat se fansels wol oergienen.

Trefwurden: 
toskedokter tosk soarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)