GGD: Harnzer bern binne wer sûner

08 des 2016 - 11:47
De ynformaasje oer it ûndersyk - Foto: Wytse Vellinga - Omrop Fryslân

It giet de goede kant op mei de sûnens fan Harnzer bern fan tusken de nul en tolve jier. Dat docht bliken út de jierrapportaazje fan de GGD. By bern fan trije en fiif jier is it persintaazje te swiere bern itselde as yn de rest fan Fryslân. It persintaazje fan bern út groep 7 fan de basisskoalle mei oergewicht leit wol heger as yn de rest fan de provinsje. Dochs is der neffens de gemeente sprake fan foarútgong.

Optimistysk

Harnzer bern bewege mear as in oantal jierren lyn. Sa is fan de bern út groep 7 no 86 persint lid fan in sportferiening. Yn 2012 wie dat noch 73 persint. Wethâlder Hein Kuiken is optimistysk oer de resultaten. Neffens him hat de gemeente Harns in hiel soad jild ynvestearre om de sûnens fan bern yn de gemeente te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Harns sûnens bern GGD
(Advertinsje)
(Advertinsje)