Karavaneigeners ferlieze rjochtsaak tsjin park Ambousen

De achttjin karavaneigeners dy't noch op karavanpark Ambousen op It Amelân stean, hawwe de rjochtsaak tsjin it park ferlern. Se hienen hope dat se it plan fan eigener Theo Nobel fan tafel krije koenen. Nobel wol graach lúkse sjalets bouwe op Ambousen en dêrom moatte alle steankaravans per 1 jannewaris 2017 fuort.
Teloarsteld
De lêste gasten dy't noch op Ambousen stean, binne teloarsteld. Trije kear is de rjochtsaak útsteld. Woansdei kaam it berjocht dat se dochs fuort moatte. Guon karavaneigeners stean al tsientallen jierren op it karavanpark. Se ferlitte it park mei pine yn it hert.
Boete
De ôfrûne moannen binne in soad eigeners al fuortgien mei harren karavan. Se koene nammentlik in boete fan 500 euro per dei krije as se der yn jannewaris noch stiene