Fertutearze huzen by de Biltdiken wurde opknapt

08 des 2016 - 07:32

In oantal fertutearze huzen op de Biltdiken yn de gemeente It Bilt wurdt opknapt. Om dat foarinoar te krijen is it projekt Bildtdijken oprjochte. Woansdeitejûn waarden de plannen presintearre yn Sint-Anne by in gearkomste foar ynteressearden. Doel fan it projekt is in grut tal wenten op te knappen en it karakteristike gebiet foar de takomst te behâlden.

Tsien wenningen

Neffens projektlieder Greetje de Heer sille yn earste ynstânsje tsien wenten opknapt wurde. ''Dat begjint mei it benaderjen fan de eigeners fan de wenningen. Wy geane mei-inoar yn petear en besjogge hoe't wy elkoar helpe kinne om de wenten op te knappen. Wy hoopje dat de minsken elkoar ek stimulearje.''

Opknappe

It is de bedoeling dat sawol de eigener as it projekt Bildtdijken in bydrage leveret oan it opknappen fan de, yn earste ynstânsje, tsien huzen. Dy binne keazen troch in objektive seleksje. ''It projekt hat jild krigen fan de provinsje en de gemeente om tsien wenten oan te pakken'', sa seit De Heer. ''Ein 2019 moat dit klear wêze. Hjirnei hoopje we natuerlik mear wenningen opknappe te kinnen.'' 

(Advertinsje)
(Advertinsje)