Kollum: ''Hitler''

08 des 2016 - 08:30

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

''Ik ryd gauris auto, hjir yn Amsterdam en op de drokke diken troch ús lân. Ik tink net dat ik de meast kreaze bestjoerder bin, mar ik sjoch soms bestjoerders maneuvels útheljen, dat ik tink: ik doch it dochs aardich. De akrobaten en de wylde paadfiners fine fêst ek dat se goed ride kinne. Miskien ha se hast nea skea. Mar se ride wol foaroan en binne earder thús. Skoard!

Wêr’t se dan net oan tinke, is dat dit ek wolris oan de reewilligens, goedichheid en handichheid fan de oare bestjoerders lizze kin, dat der neat slims bart. En dit is in nijsgjirrige metafoar foar de maatskippij.

Martin Bosma is Twadde Keamerlid foar de PVV. Hy wurdt sjoen as ien fan de belangrykste adviseurs fan Geert Wilders, en ek wol as de grutte strateech efter dizze partij. Ferline wike wie der in fergadering fan in kommisje dêr’t hy yn sit. Hy sei doe dit:

“Ik heb de Amerikaanse verkiezingen goed gevolgd, een gestreamde bijeenkomst van meneer Trump. En ik zag daar allemaal vrolijke, optimistische, patriotische mensen. En dan keek ik daarna naar de NPO en daar werd mij verteld dat het hele boze mensen waren, die eigenlijk naar de reïncarnatie van Adolf Hitler aan het luisteren waren.”

Neffens Bosma hat de NPO, ús publike omrop, sein dat Donald Trump de reynkarnaasje fan Hitler is. No kin ik it offisjele stânpunt fan de NPO oer reynkarnaasje net, mar los dêrfan is hjir noch mear oan ‘e hân. Dat foel Twadde Keamerlid Kees Verhoeven fan D66, dy’t ek yn dy kommisje sit, ek op.

 “Is dat nou letterlijk gezegd: ‘de reïncarnatie van Adolf Hitler’? Is dat nou letterlijk tijdens de programma’s gezegd? Of is dat wat de heer Bosma er van maakt?”

Martin Bosma: “Ongetwijfeld, voorzitter, is dat gezegd. Maar als u mij een datum vraagt, dan weet ik het niet.”

De NPO nimt hielendal gjin stânpunten yn, yn elk gefal gjin politike. Dat dogge se nea, dus wêrom soe dat no al sa wêze? As se dat dien hawwe, is it terjochte dat in punt makke wurdt fan dizze net hiel aardige karakterisearring fan de oansteande presidint fan Amearika. Dus kom mar, Bosma. Wannear en wêr is dit sein?

“Voorzitter, ik ga dat zeker niet terugzoeken, maar het is zeker gezegd.”

Oh. Dus al de komplete NPO beskuldigje fan ik-wit-net-wat-allegearre, mar it bewiis dêrfoar achterwege litte… Typysk. Ik sis typysk, omdat dit it safolste gefal is wêr’t in populist mar wat ropt. 

Kees Verhoeven twitterde ek noch mei Martin Bosma. En doe kaam der in antwurd. Fiif linkjes nei artikels. Ien: Geert Mak fergeliket de opkomst fan Trump mei dy fan Hitler. Twa: de Meksikaanske presidint fergeliket Trump mei Hitler. Trije: de ekstreem rjochtse Alt Right beweging ropt ‘Heil Trump’. Fjouwer: in Amerikaanske sjoernalist fynt dat Trump te min reageart op neo-nazi-retoryk. En fiif: noch in kear it berjocht oer Alt Right. 

Alle fiif binne it berjochten oer útspraken fan oaren. Nijs. De NPO of nijsprogramma’s fan de omroppen sizze dit net sels. Martin Bosma hat fiif kear gjin bewiis levere foar syn útspraak dat de NPO seit dat Trump de reynkarnaasje is fan Hitler.

Makket it út? Nee. Utspraken fan populistyske politisy binne sa faak fact checkt. It liket neat út te meitsjen. It punt is makke. De populisten binne al lang wer mei wat oars dwaande. 

Se ramme troch ús berjochteferkear as in stel akrobaten en wylde paadfiners. Se skoare. Wierheid ynteressearret se net, regels dogge der net ta, se dogge wat se dogge gewoan omdat it kin. En wy ús mar wer netsjes skikke en soargje dat der gjin ûngelokken fan komme.''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)