PvdD Fryslân wol striid oanbine tsjin guozzelever

07 des 2016 - 22:15
  • Steatelid Rinie van der Zande
  • Corlienke de Jong fan de FNP

De Partij voor de Dieren yn Fryslân wol de striid oanbine mei de Brusselske kulinêre tradysje om guozzelever as flaubyt te servearjen op resepsjes. By de wurkbesite fan Provinsjale Steaten oan Brussel krige steatelid Rinie van der Zande it hapke oanbean en dêr skrok se geweldich fan.

'Foie gras' is in gerjocht dat ûntstiet troch guozzen ûnder twang te fuorjen sadat se in ekstra grutte lever krije. De Partij van de Dieren fynt dat de produksje fan foie gras ferbean wurde moatte soe.

Frou van der Zande kin net begripe dat de permaninte fertsjintwurdiging fan Nederlân by de Europeeske Uny soks servearret.

It Fryske provinsjaal bestjoer is nei in wurkbesite fan twa dagen yn Brussel werom yn it heitelân. De oerhearskjende yndruk nei de wurkbesite is dat Fryslân yndie mear jild út Brussel helje kin, mar dat soks bepaald net ienfâldich is. De Steateleden krigen sels wol in pear kear it fersyk om har yn Fryslân op te stellen as 'Europa-ambassadeur' om sa wat te dwaan oan de groeiende Europa-skepsis yn Nederlân. As lêste ûnderdiel fan de wurkbesite giene de Steateleden woansdei te lunchen mei partijgenoaten yn it Europeesk Parlemint. Mear ynformaasje oer de wurkbesite fan Provinsjale Steaten kinne je fine yn ús Europablog.

(advertinsje)