Aris wint dik fan Rotterdam

07 des 2016 - 22:00
Aris Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe woansdeitejûn de útwedstriid fan Rotterdam wûn. It waard 100-77 foar Aris. De Ljouwerters giene goed fan start. Mei trijepunters fan ôfstân, hurde dunks en prachtige assists stiene se nei it earste kwart al op in 31-20 foarsprong. Yn it twadde kwart waard de foarsprong royaal útboud ta 52-40.

Nei it skoft rûn Aris út nei hast 20 punten foarsprong (63-44), mar Rotterdam kaam sterk werom oant 67-60. It fjirde kwart krige Aris de kontrôle werom en waard de wedstriid ôfsluten mei in stân fan 100-77.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)