Massale beamkap fan sike esken yn Súdeast-Fryslân

07 des 2016 - 21:55

Steatsboskbehear kapt grutte oantallen sike beammen yn Súdeast-Fryslân. Dat is nedich, want it gefaar bestiet dat se op huzen, fytsers of kuierders falle. It tal sike eskebeammen ('essen') yn de omkriten is hurd tanaam, en dat soarget foar gefaarlike situaasjes by huzen en paden. Yn guon gefallen wurde bêst grutte stikken bosk fuortkapt, lykas by Terwispel. By De Tynje giet it om in râne beammen by de paden del.

De esken binne oantaast troch in skimmelsykte. By de lêste stoarm binne der al aardich wat beammen sneuvele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)