Swartrider slacht kondukteur brutsen noas yn trein

In kondukteur fan Arriva is woansdeitejûn mishannele yn de trein fan Snits nei Ljouwert. De kondukteur waard troch in agressive man yn elkoar slein, nei't er de man oansprutsen hie op swartriden. De fertochte sloech de kondukteur yn it gesicht, dy't dêrby de noas bruts.
De agressive persoan is troch de plysje yn Mantgum út de trein helle en meinaam nei it plysjeburo foar ferhear. It giet om in 28-jierrige man út Assen. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke. Ek de kondukteur waard út de trein helle en nei it sikehûs brocht foar medysk ûndersyk. Hy mocht jûns wer nei hûs.