Spanning foar earste wrâldbekerwedstriden yn fernijd Thialf

07 des 2016 - 18:16

It binne spannende dagen foar it personiel fan Thialf. Foar it earst yn it fernijde Thialf wurde der wrâldbekerwedstriden ferriden, en dat wylst der op allerhanne flakken noch wurke wurdt oan de ôfwurking. Fan direksje oant hoareka oant iisflier binne se dwaande om foar it wykein noch de puntsjes op de i te setten.

Neffens direkteur Willem Jan van de Elsacker rint de kaartferkeap goed. Hast de helte is al fuort. Dat is mear as gewoanwei sa betiid yn it seizoen. De wrâldbekerwedstriden sette freed útein en duorje oant en mei snein.

Trefwurden: 
Thialf reedriden wrâldbeker
(Advertinsje)
(Advertinsje)