Marrit Steenbergen net fierder op 100 meter frije slach

07 des 2016 - 17:20
Marrit Steenbergen (argyffoto) - Foto: awfoto.nl

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde is woansdeitemiddei stykjen bleaun yn de searjes fan de 100 meter frije slach by it WK koartebaan. De 16-jierrige Steenbergen swom yn it Kanadeeske Windsor yn in tiid fan 54,12 de 22ste tiid. Se hie by de earste sechstjin einigje moatten om troch te gean nei de heale finales.

Steenbergen pakte tiisdei mei de Nederlânske estafetteploech noch it brûns op de 4x100 meter frije slach.

Trefwurden: 
Marrit Steenbergen swimmen WK
(Advertinsje)
(Advertinsje)