Skoalle Noardwâlde warskôget foar bernelokker

07 des 2016 - 17:12
Foto: ANP

Basisskoalle De Velden yn Noardwâlde warskôget âlden dat yn de buert fan de skoalle in man yn in auto rûn rydt dy't bern oansprekt en útnûget om yn de auto te stappen. De man freget de bern oft se jonge hûntsjes en oare jonge bisten sjen wolle. De skoalle hat de âlden de warskôging maild, sadat dy dit mei de bern beprate kinne. De plysje kin noch neat oer de man yn de auto of de warskôging fan de skoalle sizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)