Wurk fan naïve skilder Ruurd Wiersma yn MCL te sjen

07 des 2016 - 16:45

Skilderijen fan de ferstoarne naïve keunstner Ruurd Wiersma fan Burdaard binne de kommende moannen te sjen yn sikehûs it MCL yn Ljouwert. Ien dêrfan wie oant no ta priveebesit. It wurdt no foar it earst oan it publyk toand. De keunstner hie it skilderij 'Hof van Eden' as tank oan syn dokter skonken. No't dokter Van Oord en syn frou net mear libje, woe de famylje dat it wurk weromgie nei Fryslân.

It Ruurd Wiersmahûs stiet op 't heden yn de belangstelling. It wurdt mooglik kultureel erfgoed. Se hawwe al in mystery-guest op besite hân.

Trefwurden: 
Ruurd Wiersma MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)