ChristenUnie stelt fragen oer weromrinnend tal toeristen

© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De ChristenUnie yn Fryslân makket him soargen oer it weromrinnend tal toeristen dat Fryslân besiket. De delgong is te sjen yn it lêste Trendrapport fan it CBS. Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan DS freget de ChristenUnie hoe't dizze weromgong te ferklearjen is. Neffens de fraksje is de weromrin opfallend omdat Fryslân sûnt 2009 flink ynvestearre hat yn kwaliteitsferbettering fan de akkommodaasjes.
Yn 2010 waard Fryslân sels útroppen ta moaiste provinsje fan it lân, mar blykber hat dat net laat ta mear belangstelling.