Fûgelgryp konstatearre by deade fûgels yn Ferwerderadiel

07 des 2016 - 15:14
Smjunt

Yn de gemeente Ferwerderadiel is fûgelgryp fêststeld. Der binne deade fûgels fûn by de seedyk by Marrum en yn de Jislumer Feart by Jislum en Ginnum. It giet neffens de gemeente om in ein en 25 smjunten. De kadavers wurde woansdei opromme. Op dit stuit soe der noch gjin besmetting konstatearre wêze op plomfeebedriuwen.

It is noch net dúdlik om hokker type fûgelgryp oft it giet yn Ferwerderadiel. Dat wurdt noch ûndersocht. Wetterskip Fryslân en de NVWA hâlde de situaasje konstant yn 'e gaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)