ChristenUnie stelt fragen oer te min oplaadpeallen

07 des 2016 - 14:57
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

De ChristenUnie yn Provinsjale Steaten wol witte werom't der folle minder elektryske oplaadpeallen stean as ôfpraat wie. Der soenen 225 komme, dat binne der noch mar 113. Yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt is bepaald dat it elektrysk farren stimulearre wurdt. Ien fan de saneamde "green deal"-doelen is dat trijetûzen elektryske boaten op it Fryske wetter farre. It tal oplaadpeallen moat dêrta fergrutte wurde, mar dy doelstelling is net helle, sa stelt de ChristenUnie.

Trefwurden: 
oplaadpeallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)