"Oandien dat Ryk net mear betellet foar opfang asylsikers"

07 des 2016 - 14:13

Wethâlder Jos van der Horst fan de gemeente Smellingerlân is bot oandien troch it nijs dat it Ryk net langer betelje wol foar de opfang fan útprosedearre asylsikers. Dy wurde no noch fia de saneamde 'bed-bad-broodregeling' opfongen troch gemeenten. Yn Smellingerlân giet it om 26 asylsikers. Foar 2017 hat de gemeente noch wol jild om de opfang te beteljen. Dochs is Smellingerlân neffens Van der Horst al yn petear mei it opfangsintrum yn Ter Apel, om de minsken der mooglik ûnder te bringen.

De flechtlingen sjogge der net bot nei út om nei Ter Apel te ferhúzjen, seit dûmny Harm Klein Ikkink. Hy is út de Drachtster tsjerken wei bot belutsen by de opfang. Neffens him is it sintrum yn Ter Apel bot rjochte op it weromstjoeren fan asylsikers. Sy wolle dêr om dy reden net graach hinne. De tsjerken hawwe lykwols ek net it jild om de opfang nei 2017 oer te nimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)